Ferdivedaasje op freed

1 december 2017, van 16:00 tot 17:30 | Bibliotheek Wommels

Kosten: gratis

Boargemaster Johanneke Liemburg docht ferhaal oer har tiid yn de gemeente Littenseradiel. Der is ek alle tiid om fragen te stellen.

Noch mar in lytse moanne en dan is de gemeente Littenseradiel der net mear. Op 1 jannewaris 2018 wurdt ús gemeente opsplitst yn trije dielen. Fyftjin doarpen geane nei Súdwest-Fryslân, tsien nei de gemeente Ljouwert en fjouwer nei de nije gemeente Waadhoeke. Wy moatte der noch wol even oan wenne. Boargemaster Johanneke Liemburg sjocht werom op de 34 jier dat dizze gemeente bestien hat, mar sjocht ek foarút. Hoe wie it en hoe sil it wurde?

Oanmelde net nedich.

De foto is makke troch Catrinus van der Veen